Clubinfo

Yn 2022 is it 45 jier lyn, dat Jan Adema, Andries Idzerda, Tjitze Jansma, Sipke Miedema en Oepie van der Woud nei de notaris stapten en keatsclub Goutum oprjochte hawwe. Noch altyd hawwe wy yn Goutum, yn ‘e lijte fan de toer, eltse moandei wer in protte keatsers, folle tillegrafen en wurdt der fol fjûr keatst! Sa moat it mear as hûndert jier lyn ek west hawwe…..

Wy tinke miskien wol, dat wy mei ús 45 jier noch jong binne…… en dat is fansels ek sa (seker ús leden!), mar dat wol net sizze, dat der net earder keatst is yn Goutum….. Mear as hûndert jier lyn, op snein 24 septimber 1899 om krekt te wêzen, hat kroechbaas D.B. Smeding in keatspartij yn ús doarp organisearre op in stik lân oan de Overijsselsestraatweg.

Noch sa’n âld feitsje: wisten jimme dat Goutum mei J. Vriezema, T. Boonstra en T. Drijsten yn 1912 op de Freule keatst hawwe en doe nei ien omloop der ôf rekken? Fansels hawwe Jan Jelle Jongsma, Kanter de Bildt en Marc de Jong mei coach Murk Miedema it yn 1997 in stik better dien mei harren twadde priis op de Freule, mar toch! Jelmer Miedema hat mei syn maten fan Jellum/Bears yn 2020 en 2021 in knappe 2e priis wûn op de Freule.

Der hat earder in keatsclub west yn Goutum: “Nij Begjin” wie de namme en dizze feriening slute har yn 1946, krekt nei de oarloch, oan by de KNKB. Lang hat dat net duorre. Yn 1949 liet de club neat mear fan har hearre….. Oant de dei fan hjoed ta, witte wy net werom oft dat wie…..

De keatsclub fan hjoed: “Keatsclub Goutum e.o.” docht de lêste jierren hiel kreas mei! Wat wiene wy grutsk meielkoar doe’t Dirk Jan van der Woud mei syn maten Klaas Berkenpas en Klaas Anne Terpstra yn it jier 2000 de PC wûn! It jier dernei, yn 2001 wûn Dirk Jan de 3e priis mei Klaas Berkepas en Marten Feenstra en ek yn 2003 wie der in 3e priis foar Dirk Jan mei Klaas Berkepas en Daniël Iseger! Hendrik Tolsma herhelle dat yn 2012: mei syn maten René Anema en Thomas van Zuiden wûnen hja de PC! Hendrik helle yn 2015 de 3e priis op de PC mei syn maten Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, yn 2016 wer in 3e priis mei Jacob Klaas Haitsma en Jan Schurer en yn 2017 al wer in 3e priis mei Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong. Goutum hat de Bûnspartij wûn yn 2009, 2010 en 2013 mei Dirk Jan van der Woud, Hendrik Tolsma en Daniël Iseger. Yn 2008 wie der ek in 3e priis. De Froulju fan Goutum mei Manon Scheepstra, Nynke Sybrandy en Judith Wiering hawwe it NK foar froulju wûn yn 2021 en 2022. Albert Walsweer, John Adema en Jan Meindertsma binne dit NK twadde wurden foar 50 +  yn 2021!

En wa wit wat de takomst noch bringe sil! Wy hâlde it yn ‘e gaten!

Eareleden Keatsclub Goutum

Andries Idzerda, Bote Jorritsma, Rinse Boorsma, Albert Talsma, Jan van der Woud, Wim Bosklopper en Durkje Fennema.

Competitiekaatsen Senioren

Van medio april tot medio september, iedere maandagavond vanaf 19:00 uur. We kaatsen in 3 klassen; 40+, A- en B-. Voor het actueel overzicht van wedstrijden verwijzen wij u naar de agenda.

Contributie 2024

Senioren €50,-, Jeugdleden €25,- en donateurs €20,-.
Als je dit jaar 18 wordt, ben je senior. Alle contributies gaan via automatische incasso.
Ook de bijdrage voor De club van 100 van €20,-  gaat via automatische incasso.